lezing Fryske Akademy op 9 maart 2010
Geplaatst: vrijdag 26 feb 2010 3:06 pm
Hallo allemaal, dit bericht pluk ik net van mijn mail, misschien iets voor de kloosterliefhebber?
groetjes, Andries.De Fryske Akademy organisearret yn gearwurking mei Bibliotheekservice Fryslân in fjouwertal histoaryske lêzingen yn de Fryske bibleteken. De tredde yn de rige wurdt holden op tiisdei 9 maart 2010 om 20.00 oere yn de bibleteek fan Grou. Prof.dr. Hans Mol hâldt dêr dan in lêzing oer 'Kleasters en stinzen yn it Boarn-gebiet'. De Boarn wie yn de midsieuwen de sintrale rivier fan Fryslân. Oan wjerskanten leine en lizze fruchtbere greiden, ûntstien troch it opslykjen fan see- en rivierklaai yn prehistoaryske tiden. Gjin wûnder dat minsken dêr harren al rillegau fêstigen en wichtige tsjerken, kleasters en adelike machtsposysjes ta stân kamen. Wichtich wie fral ek it kleaster fan Nes by Akkrum, dat ta de Dútske oarder hearde. Jo hearre der mear oer yn de lêzing fan Mol.
Hans Mol is spesjalist op it mêd fan de rol fan tsjerke en machthawwers yn it midsieuske Fryslân. Hy is sûnt 1986 ferbûn oan de Fryske Akademy en fersoarget sûnt 2003 kolleezjes midsieuwske Fryske Skiednis oan de Universiteit Leiden.